Drachtster krijt wurkstraf foar stellerij fan it stoart

26 jan 2021 - 20:55

In 32-jierrige Drachtster hat tiisdei fan de rjochter in wurkstraf fan 80 oeren oplein krigen, wêrfan de helte ûnder betingst. Yn april ferline jier hie er mei twa oaren guod stellen út in kontener op de miljeustrjitte fan Omrin op De Gordyk.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De dieven wienen nachts troch in gat yn it stek op it terrein oan de Wetterwille kaam. Se hienen it foaral foarsjoen op nei de kontener mei elektryske apparaten. De Drachtster hie in boarmasine, dvd-spiler, fersterker en waarstasjon meinaam. Syn meidieders namen in kofjekanne, laptop, telefoan, blombakken en klean mei. Se wienen fan doel om it guod te brûken as it noch wurke.

De Drachtster is al earder feroardiele foar stellerij. Ek is er trappearre mei drugs by him en it riden ûnder ynfloed. Hy seit no goed twa wiken fan de drugs ôf te wêzen. Hy moat him by de reklassearring melde en him behannelje litte foar syn drugsferslaving.

Trefwurden: 
stellerij rjochtbank stoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)