Hearrenfean hâldt fêst oan Jansen yn oanrin nei wedstriid tsjin Feyenoord

27 jan 2021 - 17:50

De posysje fan Johnny Jansen as trainer fan SC Hearrenfean stiet net faai. Dat seit technysk manager Gerry Hamstra. Op it parsemomint foarôfgeand it duel tsjin Feyenoord sprekt Hamstra syn folle fertrouwen út yn Jansen.

Gerry Hamstra oer de posysje fan Johnny Jansen:

"Ik geloof voor de volle 100 procent in deze technische staf en in Johnny Jansen", seit Hamstra. "Natuurlijk hebben we onze zorgen, maar we hebben iedere dag overleg en we weten dat het beter moet."

Hearrenfean ferlear fjouwer fan syn lêste seis wedstriden en wit al sûnt 1 novimber net mear wat winnen is. Toch hat it neffens Hamstra gjin inkeld doel Jansen fuort te stjoeren. Johnny Jansen is bliid mei de stipe fan fan Hamstra: "Ik stop alles erin wat ik heb en ik geloof in een goed eindresultaat. Maar het is goed dat Gerry het vertrouwen in mij uitspreekt. Al wist ik dat ook wel."

Natuurlijk is dat lastig, maar daarom is de uitdaging des te groter toch een goed resultaat te halen.

Johnny Jansen oer it programma fan de kommende wiken

It rint foar gjin meter by SC Hearrenfean: mei twa punten út de lêste seis wedstriden binne de resultaten dramatysk. Foaral as je witte dat Heracles Almelo (twa kear), Feyenoord, Fortuna Sittard, RKC Waalwijk en VVV-Venlo de tsjinstanners wienen. Utsein Feyenoord binne dat allegear ploegen út it rjochterrychje. De kommende wiken hat Hearrenfean in swier programma, se nimme it dan op tsjin Feyenoord, FC Twente, Vitesse, AZ en FC Grins, allegear ploegen út de top 7.

Jansen: "Natuurlijk is dat lastig, maar daarom is de uitdaging des te groter toch een goed resultaat te halen. Het verleden is geweest, daar moet je de positieve dingen uithalen, waar je weer mee verder kunt."

Jansen wol noch neat sizze oer de opstelling tsjin Feyenoord. Hy kin yn alle gefallen beskikke oer in folslein fitte seleksje. Ek Siem de Jong, dy't tsjin Heracles Almelo noch blessearre nei de kant moast, hat wer meitraind en is ynsetber.

Johnny Jansen oer syn eigen posysje

Feyenoord wil nog wel eens wat ruimte weggeven.

Johnny Jansen

Jansen: "Onze kwaliteit is de counter, maar we willen ook graag meevoetballen. Feyenoord wil nog wel eens wat ruimte weggeven, dus we moeten onze mensen gaan bedienen in de ruimtes."

Ulysses Llanez is de ienige spiler dy't der net by is. De Amerikaanske fleugeloanfaller is blessearre en komt net langer yn 'e plannen fan Johnny Jansen foar. Der wurdt sjoen nei in oplossing, mooglik dat Llanez dizze winter al werom giet nei VfL Wolfsburg.

Johnny Jansen oer de wedstriid tsijn Feyenoord

De wedstriid SC Hearrenfean - Feyenoord begjint om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)