Alvestêdehaliismaster oer sluten baan: "Dat het ijs eruit moet, doet wel een beetje zeer"

26 jan 2021 - 18:41

Reedriders kinne dizze winter net mear nei de Alvestêdehal yn Ljouwert. De kuolmasines wurde útset yn ferbân mei de hieltyd langerduorjende lockdown. IIsmaster Meindert Timmerman fynt it in gek gefoel dat it iis der wer útgiet. "We hebben er zoveel energie ingestopt om het mooi te maken. Er is vrijwel geen gebruik van gemaakt. Dat het er nu uit moet, doet wel een beetje zeer."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"De groep ijsmeesters is heel gedreven, de liefde zit in het ijs. Die hebben we er niet uitgehaald. Dat is zonde." De baan wie in wike iepen foar de earste lockdown en doe mochten der 30 riders komme. "Normaal hebben we 300 man op de baan. En in december was het helemaal gebeurd."

De hoop op in eventuele iepening is fuort. It iis moat fuort. "Dat lijkt zo makkelijk, je laat het dooien en het is water en het is weg. We verven de ijslaag, daar komt veel rotzooi bij vrij. Alle belijningen die je ziet, is een soort crêpepapier en oplosverf en dat moet worden schoongemaakt."

It opromjen fan it iis is in moanne wurk foar fiif, seis man. No moatte ek alle saken fuort dy't se foar coronamaatregels delset hawwe lykas tinten. Timmerman sil de kompjûter op simmerstân sette. "Dan wordt het langzaam stil in de machinekamer."

Meindert Timmerman

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)