Alden hawwe noed oer mooglike sluting fan iepenbiere skoalle yn Eastersee
'Wêrom wurdt Eastersee fan de kaart fege?' Dat freegje âlden har lilk ôf yn it doarp. Nei't de supermerk dêr yn de simmer al sletten is, driget iepenbiere basisskoalle De Wynbrekker ek noch te ferdwinen. Alden ha dêr noed oer en ha in brief skreaun.
Yn de simmer is besletten in fúzje te ûndersykjen mei de iepenbiere skoalle yn Ychtenbrêge. Op 1 febrewaris wurdt dêr in kar yn makke. Alden fan beide skoallen is lêsten frege om oan te jaan oft se har bern nei Ychtenbrêge gean litte wolle. Dêr meitsje de âlden út op dat Eastersee gjin opsje mear is. Se fine dat der iensidich ûndersyk dien is.
"It liket in 'striid' te wêzen tusken de kristlike en iepenbiere skoalle en it liket derop dat de iepenbiere no slute moat en dêr binne we op tsjin", seit Bert Bremer is ien fan de brieveskriuwers. "Der binne genôch bern yn it doarp, we binne gjin krimpgemeente. Foar de takomst binne der genôch bern foar de skoalle." Yn Eastersee wenje sa'n 900 minsken.
In gearwurking of fúzje is earder wol besocht, mar dat rûn op neat út. Bremer pleitet foar in nij petear en nei gearwurking te sjen. "Dat is yn Bantegea ek slagge. It soe moai wêze as we ien brede skoalle krije kinne. Eastersee en Ychtenbrêge binne beide te lyts foar twa skoallen. We tinke dat der besteansrjocht is foar in goede skoalle yn it doarp. De skoalle sit oan de Tsjûkemar. dat is sa'n moai útsicht. It is skande as dat net behâlden bliuwt."
Neffens Jacqueline Oud, se sit yn de MR fan De Wynbrekker, is der wol sprake fan in fergriizjende krimpregio. "Beide scholen worden te klein. Ze zitten beide onder de gemeentelijk opheffingsnorm. En we zoeken naar een oplossing. Daar zijn we al jarenlang mee bezig, maar dat is tot nu toe niet geslaagd. We zoeken naar een oplossing om beide scholen te behouden en openbaar onderwijs in deze regio te behouden." It weromrinnende learlinge-oantal is de oanlieding om de mooglikheden te ûndersykjen. "Hebben we geen fusie, dan houdt het op met het openbaar onderwijs in deze regio." In fúzje mei kristlike skoallen is net slagge. Der binne ferskate farianten besocht. "Dit is de laatste mogelijkheid die wij zien."
De foarkar giet út om de skoalle yn Ychtenbrêge iepen te hâlden. "Er ligt een voorkeursscenario. Er is onafhankelijk onderzoek gedaan. Dat scenario is bij de ouders neergelegd. Echtenerbrug kwam er economisch het beste uit als het gaat om het schoolgebouw en ook qua groeipotentieel en leerlingopbouw. We hebben gekeken naar waar je het langer volhoudt. Echtenerbrug heeft meer nieuwbouw. Met de MR van Echtenerbrug is ons gezamenlijke doel om voor de regio openbaar onderwijs te behouden. Dan moeten we verder kijken dan het eigen dorp en de eigen school. Het gaat om slechts drie kilometer verderop." Wol begrypt se de ûnrêst by de âlden.