'Hybride keunstalfleisklier' foar it earst brûkt yn Fryslân

26 jan 2021 - 17:40

De earste Fryske diabetisy meitsje sûnt koart gebrûk fan it nije helpmiddel de 'hybride keunstalfleisklier'. Dat systeem soarget derfoar dat minsken mei diabetes gjin hypo krije, mar ek gjin hyper. Dat lêste is nij. As de sensor registrerret dat de glukoazewearde te heech driget te wurden, jout de ynsulinepomp ekstra ynsuline ôf. De brûker hat der amper mear omsjen nei. It Ljouwerter sikehûs MCL sil dit systeem meikoarten oanbiede kinne.

Foto: Medtronic

Diabetesferpleechkundige Annet van der Werk leit út dat it systeem oant no ta benammen brûkt wurdt troch minsken dy't al wend binne oan ynsulinepompterapy en dy't faak ek al in sensor hawwe. Dy sensor moatte sy faak sels ôfstelle, bygelyks by sport, sykte of stress. Want dat binne mominten dat it ferlet oan ynsuline omheech of omleech giet. Mar it nije helpmiddel nimt dat wurk út hannen.

It systeem kin bestjoerd en útlêzen wurde mei in app op de smartphone. It giet om minsken mei diabetes type 1, dy binne folslein ôfhinklik fan de ynsuline dy't sy mei in pin of pomp krije.

Van der Werk is tige wiis dat it systeem no brûkt wurde kin. "Al jaren worden we op de hoogte houden en we keken er naar uit wanneer het op de markt zou komen. Het is een mooie ontwikkeling. In december zijn er twee patiënten gestart, maar de resultaten zijn positief. De patiënt wordt ontlast, de pomp is nu een soort maatje die meedenkt en zich automatisch aanpast. Dat is het prettige er aan. Zo'n sensor blijft een week zitten, dan moet de sensor vervangen worden. En de zender die het registreert gaat een jaar mee."

Systeem kennen leare

Van der Werk: "Dit systeem is vooral geschikt voor mensen die hun diabetes moeilijk onder controle kunnen houden. Je zou verwachten dat onze begeleiding minder wordt, maar in de aanloopfase is dat niet zo. Zowel wij als de gebruikers moeten het systeem leren kennen. Op termijn zal de gebruiker veel meer op de 'automatische piloot' van dit systeem kunnen afgaan."

Nei alle gedachten kin sikehûs MCL yn Ljouwert ynkoarten it systeem oan mear minsken oanbiede. "De patiënt heeft het beter in de hand met dit slimme systeem. Men kan zelfstandiger zijn. We gaan dit zeker uitrollen, volgende week worden vijf nieuwe patiënten op dit systeem gezet."

Diabetesferpleechkundige Annet van der Werk

(Advertinsje)
(Advertinsje)