Studinten skriuwe oan iensume âlderein

26 jan 2021 - 17:39

Studinten fan NHL Stenden Hotel Management School yn Ljouwert skriuwe sa'n 2.000 kaarten om iensume âlderein op te moedigjen. In kaartsje op 'e doarsmatte fine mei in persoanlike tekst derop docht in minsk goed. Seker yn in tiid dat we mekoar hast net moetsje kinne.

Studinten NHL Stenden skriuwe oan iensume alderein

Studinten fan de NHL Stenden Hotel Management-skoalle klimme dizze dagen ek yn 'e pinne en skriuwe 2.000 kaartsjes om iensume âlderein in hert ûnder de riem te stekken.

Se helpe sa mei oan it 'Veel Liefs-initiatief' dat âlderein ferrast mei kaartsjes. Sa'n 20 studinten sieten tiisdei rom út mekoar ferspraat oan ferskillende tafels yn de kantine fan har skoalle drok te skriuwen. In moai idee dat tagelyk ek in oppepperke is foar de studinten sels.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De kaartsjes fan de studinten sille om Valentijnsdag op 14 febrewaris hinne troch de Veel Liefs Stichting oan âlderein in ferskate soarchynstellings yn Fryslan besoarge wurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei in tal skriuwende studinten

Minsken dy't ek in kaartsje stjoere wolle oan âlderein kinne dat fia de webside fan Veel Liefs oant ein jannewaris dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)