Kommissaris Brok: "Ik hoopje dat Friezen harren net ferleegje ta ditsoarte aksjes"

26 jan 2021 - 17:21

Fryslân is oant no ta frij bleaun fan grutskalige opskuor, fernielingen en plonderingen fanwege de jûnsklok. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hopet dat dit sa bliuwt. "Ik haw it sjoen en ik fyn der ek wol wat fan. Litte wy hoopje dat it hjir net plakfine sil. Wy moatte de holle der by hâlde en fatsoenlik bliuwe. Ek yn drege tiden," seit Brok strang. "Ik hoopje en betrou derop dat de minsken yn ús provinsje de kop derby hâlde en harren net ferleegje ta ditsoarte aksjes."

Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris Brok hat mei ôfgriis sjoen nei wat der yn guon stêden bard is. "Ik stel fêst dat it by ús yn de provinsje aardich rêstich is en dat past ús ek. Want wy moatte net ferjitte dat in soad minsken foar ús yn de frontliny steane: by de GGD, by de Veiligheidsregio en by de sikehuzen. Dan is it freeslik as der in dynamyk komme soe by ús yn Fryslân."

Lykas boargemaster en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân Sybrand Buma al die, wol Brok ûnderskied meitsje tusken opskuor en demonstraasje. "Demonstrearje is in rjocht, eltsenien mei dêr gebrûk fan meitsje. Mar wy hawwe wol regels ôfpraat. Op dit stuit meie minsken nei 21.00 oere net mear de strjitte op. Mar demonstrearje is wat oars as de opskuor dy't wy bûten de provinsje sjogge."

"Wy binne net better as oaren"

Wêrom't it yn de iene provinsje wol los gie en yn de oare net, wit Brok net. "It soe in ferlieding wêze om te sizzen dat Friezen folle tûker binne, mar sa is it net. Wy binne ek minsken mei ús gefoelens, ek negative gefoelens en ympulzen. Ik stel wol fêst: oant no ta - en litte wy hoopje dat it sa bliuwt - binne de minsken yn it Noarden miskien noch wat mear fan de nuânse. Miskien hat it der ek mei te krijen dat hjir wat mear romte is. Mar wy binne net better as oaren."

"Der binne wol mear dingen ferfelend"

Dat minsken yn opstân komme wolle tsjin de coronamaatregels, fynt Brok net goed. "Ja jonges, der binne wol mear dingen ferfelend yn it libben. Wy sitte no ienkear yn in drege perioade. Dêr moatte wy trochhinne mei-inoar. Wy soene it sels ek net wolle dat it sa bliuwt."

Neffens Brok moatte je ek hope hawwe op bettere tiden. "De maitiid komt der oan. Ik haw der alle betrouwen yn dat aanst as de faksinaasje goed rint, der ek wer ferromming komme sil. Oant dy tiid moatte wy rêstich bliuwe, ússels oan de regels hâlde en de minsken dy't alle dagen dwaande binne mei ús sûnenssoarch en feiligens respektearje."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(Advertinsje)
(Advertinsje)