Ynwenners Wier hawwe lûdsoerlêst fan nije radar

26 jan 2021 - 16:50

In nije radar fan Definsje by Wier, tusken Berltsum en Minnertsgea, soarget foar in soad lûdsoerlêst yn de omjouwing. De radar moat it loftrom yn de gaten hâlde. Ynwenners fan Wier ha net allinnich lêst fan it lûd, mar sizze ek dat it wifisinjaal minder is en dat se faker lêst ha fan elektrisiteitssteuringen. Se sjogge boppedat minder fûgels de lêste tiid en tinke dat soks ek komt troch it lûd.

De nije radar by Wier - Foto: Sijbe Knol

Ynwenner Hans Blanksma: "Hy is yn de hjerstfakânsje oanset en sûnt dy tiid hearre we dat lûd. Se binne ús wat temjitte kaam om it om alve oere jûns ticht te dwaan, mar as er draait en we ha simmerdeis de ruten iepen, dan moatte we de eardoppen yn dwaan. Doe't de nije yn 2018 oankundige waard, hienen we dit net ferwachte. Bist wol fjirtich jier fierder yn de tiid, de techniken binne ek folle fierder. En no wurde we hjirmei konfrontearre. De straling skynt ek fiif kear sterker te wêzen, dêr jouwe se net dúdlik antwurd op."

Gosse Visser fan Doarpsbelangen follet oan: "It is in yrritant lûd, in foarbygeande auto ebt wer fuort. Dizze draait no oant alve oere, mar it is de bedoeling dat er 24 oeren deis draait en sân dagen yn de wike." Doarpsbelang is yn it foar net foarljochte troch Definsje. "We wolle werom nei de noarmen fan de âlde radar."

Hans Blanksma en Gosse Visser

FNP-er Sijbe Knol kin him de oerlêst wol yntinke. "Earder wie dat net sa, doe siet der in bol oerhinne en dy is der no wei. Dêr moatte we nei werom." It doarp is neffens him net te let yn aksje kaam. "De ynformaasjegearkomste fan Definsje kaam pas, doe't de nije radar der al stie en de minsken klachten krigen. As it sa belangryk foar Definsje is, om Nederlân en dêrbûten feilich te hâlden, dan mei it ek in pear sinten kostje om dy minsken har rêst werom te jaan. Se moatte de stilte wer hearre kinne."

Dat de radar nachts útset wurdt, is neffens de PvdA en de FNP net genôch. Se wolle it leafst in oplossing wêrmei't it lûdsnivo nei ûnderen brocht wurdt. "De bewenners meitsje har soargen oer de gefolgen fan it leechfrekwinte lûd op har sûnens", sizze Steateleden Erik de Groot (PvdA) en Sijbe Knol (FNP). "It ferminderet it wengenot. Der moat gau in oplossing komme."

De PvdA en FNP wolle witte oft der ûndersyk dien is nei de miljeu-effekten fan de nije ynstallaasje en oft de radar binnen de omjouwingsfergunning past.

FNP-er Sijbe Knol

"Wêrom gjin oerlis?"

Ut petearen mei bewenners is it de Steateleden dúdlik wurden dat de kommunikaasje net goed west hat, foarôfgeand oan it ferfangen fan de radar. "Pas nei fragen en klachten fan bewenners hat der in foarljochtingsgearkomste fan Definsje west", sizze De Groot en Knol. "Wy wolle witte wêrom't der yn it foar gjin oerlis west hat mei de bewenners."

De twa partijen freegje oan de deputearre oft dy de klachten fan de bewenners ûnder de oandacht bringe wol by Barbara Visser, de steatssekretaris fan Definsje, mei de oprop om rap ta in oplossing te kommen. Yn de Twadde Keamer ha de PVV en PvdA ek al fragen steld, nei berjochtjouwing fan de LC.

Trefwurden: 
FNP definsje PvdA Wier radar
(Advertinsje)
(Advertinsje)