Nije opfanglokaasje foar statushâlders yn Ljouwert is stap tichterby

De gemeente Ljouwert praat fierder mei it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers oer in nij asylsikerssintrum yn de stêd. Omdat in mearderheid fan de ried achter it plan stiet, kinne no fierdere stappen set wurde, sizze boargemaster en wethâlders. As it azc der komt, giet it om in opfangsintrum foar 250 statushâlders of asylsikers dy't in goeie kâns meitsje om yn Nederlân bliuwe te meien.
It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De ôfspraken mei it COA binne foar fiif jier. Se kinne allinne mar ferlinge wurde nei't in evaluaasje west hat en der wer in nij beslút naam wurdt.
De gemeente seit goeie kommunikaasje mei de ynwenners hawwe te wollen by it kiezen fan de lokaasje foar it azc. Ek mei de gearwurking net in neidielich effekt op de wenningmerk hawwe.