Operaasje Fryske Flagge: Andre Andringa wennet foar fjouwer jier yn Taiwan

26 jan 2021 - 16:03

Fan alle lannen op de ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Andre Andringa fertelt dat de winters yn Taiwan hiel oars binne as yn Nederlân: wannear't de temperatuer ûnder de tsien graden komt, krijt hy warskôgingen dat it 'gefaarlik kâld' is.

Foto: Andre Andringa

Andre is yn juny ferline jier foar syn wurk nei Taipei, de haadstêd fan Taiwan, gien. "It is de bedoeling om hjir in jier as fjouwer te bliuwen. Ik bin hjir foar in grut wynmûneprojekt op see," fertelt hy.

"It is hjir goed libjen"

Oant no ta befalt it him goed, Taiwan is in freonlik en feilich lân, sa seit Andre. "It hat in hiele oare kultuer, mei hiele oare gewoanten as yn Nederlân. Mar it is hjir goed te libjen. It wurk is wol bot wenne, want de regels binne oars as yn Nederlân. Dat is altyd in útdaging, wy meitsje yn elts lân mei dat de regels wer oars binne."

Ek Andre syn frou Janette hat har plakje dêr yntusken aardich fûn. Se hat in protte kontakt mei Nederlânske mienskippen, mar ek mei Taiwaneeske minken dêr't sy kunde oan hat. "Se hat in plak fûn op in Nederlânske skoalle hjirre, om dêr te helpen mei it jaan fan Nederlânske les," fertelt Andre.

Se kinne alle kanten út

Andre en Janette wenje santjin heech yn it midden fan de stêd, en kinne wat dat oanbelanget alle kanten út. De coronasituaasje yn Taiwan is ek hiel oars as yn Fryslân. "Oars as in hiele protte oaren lannen yn de wrâld is corona hjir hiel goed ûnder kontrôle. Wy kinne hjir gewoan derop út, jûns nei in restaurant ta te iten, oerdeis nei it wurk ta en de skoalle is gewoan iepen. Dat is echt in hiel grut ferskil."

Wol misse se de bern en de famylje. Se hiene tocht dat dy delkomme koene, mar mei de reisbeheiningen kin dat net. "Dat misse wy wol it measte, wy hiene tocht dat wy mear famylje en freonen op besite hawwe soenen."

Gefaarlik kâld

In oar grut ferskil is it klimaat. Ek al is it yn Taipei ek winter, it giet wol hiel oars. "It hat in pear wiken lyn efkes ûnder de 10 graden west. Dan krijst ek warskôgingen op de telefoan, dat it gefaarlik kâld is. Dat kinne wy ús yn Nederlân net foarstelle," sa seit Andre. "Hjoed wie it 23 graden en hearlik sinneskynwaar. Nije wike steane de blossems fan de kersebeammen op útkommen, en in pear wiken letter brekt it ierdbeiseizoen hjir oan. Dat is wol hiel oars."

Operaasje Fryske Flagge: Andre Andringa

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)