Tal besmettingen wer ûnder trochsneed, wol fjouwer stjergefallen

26 jan 2021 - 15:17

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 173 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 16 mear as moandei, doe gie it om 157 besmettingen. Gemiddeld sjoen binne der de ôfrûne wike alle dagen 202 minsken besmet rekke mei it coronafirus.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 33. Dêrnei komme Ljouwert (23) en Achtkarspelen (19).

Stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fjouwer stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Tytsjerksteradiel (2), Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen.

Der binne trije Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei, ynwenners fan Smellingerlân (2) en De Fryske Marren.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 3.997 besmettingen meld. It is foar it earst sûnt 24 novimber dat it der minder as fjouwertûzen binne. It lanlike trochsneed de ôfrûne wike is 5.091.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)