Snitser pakt foar bedriging
In man (38) út Snits is tiisdeitenacht oanhâlden foar bedriging. De man soarge yn it pensjon dêr't er ferbleau foar nochal wat oerlêst.
Meiwurkers fan it pensjon bellen de plysje. Doe't dy besocht de man fuort te stjoeren, begûn er it personiel te bedriigjen. De plysje hat de man meinaam nei it plysjeburo.