Utwedstriid Cambuur wurdt proefevenemint mei publyk

By de wedstriid Almere City FC - SC Cambuur op 28 febrewaris binne 1.500 seizoenkaarthâlders fan de thúsklup wolkom. De wedstriid is ûnderdiel fan in ûndersyk nei wat nedich is om eveneminten yn coronatiid feilich te organisearjen.
Almere City - SC Cambuur ferline seizoen © Orange Pictures
De fuotbalfans dy't oan it eksperimint meidogge, moatte maksimaal twa dagen foarôfgeand oan de wedstriid in PCR-test dwaan litte. By in negatyf resultaat meie se it stadion yn. Fiif dagen nei it duel wurde se nochris test.
De 1.500 oanwêzige supporters fan Almere FC wurde ferdield yn 'bubbels' fan lytsere groepen. Yn dizze bubbels wurde testen dien mei ferskillende maatregels, sa as it wol of net dragen fan in mûlkapke of it wol of net tastean fan jûchje en raze.

Sa rap mooglik wer ferantwurdlik publyk talitte

By de praktyktesten yn de evenemintesektor wurde ynsjoch en data sammele oangeande it ferleegjen fan de besmettingsrisiko's. It úteinlike doel is om sa rap mooglik op in ferantwurde wize wer publyk by eveneminten talitte te kinnen.
Ek by de wedstriid NEC-De Graafschap, in foarstelling fan Guido Weijers en in saaklik kongres wurdt ûndersyk dien. Yn earste ynstânsje soene de ûndersiken al yn jannewaris wêze, mar troch de Britske fariant fan it coronafirus binne se útsteld.