Tineke Schokker moat Wynpark Fryslân bestjoerlike stabiliteit bringe

26 jan 2021 - 14:28

Tineke Schokker komt yn de Rie fan Kommisarissen fan Wynpark Fryslân, op foardracht fan Deputearre Steaten. Schokker is no noch boargemaster fan Flylân. Mei Theo Jellema ferfollet se de twa posysjes dy't Fryslân Hurde Wyn BV beneame mei yn de fiifkoppige Rie fan Kommissarissen. Dy ried hie twa fakatueres. Fanwege ferskil fan miening tusken de oandielhâlders is der noch noait in foarsitter beneamd. Dêrnjonken stapte provinsjaal kommissaris Thecla Bodewes koartlyn op.

Foto: ANP

Deputearre Sander de Rouwe: "Mei Tineke Schokker helje wy in ervaren bestjoerder nei de Rie fan Kommissarissen fan Wynpark Fryslân. Dit is de earste stap yn it op krêft bringen fan de Rie fan Kommissarissen fan it wynpark, nei it fuortgean fan Thecla Bodewes." De Rouwe seit Bodewes tankber te wêzen foar wat sy dien hat foar it wynpark. "Tineke Schokker is in goede opfolger yn dizze perioade wêryn't it wynpark realisearre wurdt."

Schokker (CDA) is sûnt 2015 boargemaster fan Flylân. Fan 2007 oant 2015 wie se deputearre fan de provinsje Fryslân. Yn septimber 2020 makke sy bekend dat sy ophold as boargemaster fan Flylân. De proseduere foar har opfolging rint.

It grutte Wynpark yn de Iselmar hat trije oandielhâlders. Njonken de provinsje Fryslân binne dat de famyljes Meulendijks en De Groot, De famyljes hawwe 85% fan de oandielen, de provinsje 15%. Omdat de famyljes en de provinsje in oare miening hawwe oer de oanspraaklikheid foar de noch te beneamen foarsitter, koe oant no ta gjin foarsitter beneamd wurde.

Deputearre De Rouwe fynt dat der wol in foarsitter komme moat, mar wol it ferskil fan miening net grutter meitsje as nedich. Hy hat goeie hope dat Schokker in oplossing tichterby bringe kin. "Dit is net samar in klus, dus is bêst yngewikkeld en we binne bliid dat sy it dwaan wol."

De bou fan Wynpark Fryslân rint neffens De Rouwe goed op skema en liket ek binnen de begrutting te bliuwen.

Deputearre Sander de Rouwe oer de bestjoerlike situaasje by Wynpark Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)