Laagvliegen Nee bliid mei kontroversjeel ferklearjen fan fleanfjild Lelystêd

26 jan 2021 - 14:03

Aksjegroep Laagvliegen Nee is bliid dat de Twadde Keamer besletten hat om gjin wurk te meitsjen fan fleanfjild Lelystêd. De Keamer hat it ûnderwerp kontroversjeel ferklearre, wat betsjut dat it kabinet der gjin besluten oer nimme mei. Laagvliegen Nee is al jierren yn ferwar tsjin it iepenjen fan it fleanfjild. "Het werk is zeker nog niet klaar, maar we zijn ontzettend blij", seit wurdfierder Leonhard Beijderwellen.

Fleanfjild Lelysted

Der is bot ferset tsjin fleanfjild Lelystêd, ek út Fryslân wei, omdat der soargen binne oer lûdsoerlêst. De iepening fan it fleanfjild wie al op de lange baan skood fanwege strangere regels troch de stikstofkrisis. Beijderwellen tinkt dat it kontroversjeel ferklearjen in soad útstel opsmyt en úteinlik ôfstel. "Het gaat nu niet meer behandeld worden."

De tiidgeast spilet bot mei yn it omslaan fan it sentimint oer it fleanfjild. "Er is de laatste jaren vliegschaamte ontstaan." Dat is it wurd dat de skamte oanjout dy't ien fielt as hy of sy gebrûk makket fan it fleantúch wylst der minder miljeufersmoargjende ferfiersalternativen binne. "Er gaat zeker minder gevlogen worden."

Wurdfierder Leonhard Beijderwellen fan aksjegroep Laagvliegen Nee - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Minder reizen

It fleanfjild moast der komme om yn fakânsjetiid de druk op Schiphol te ferleegjen. Mar de twivels oer it fleanfjild binne allinne mar grutter wurden no't der folle minder flein wurdt as gefolch fan de coronakrisis. Beijderwellen: "Waarom moet Lelystad dan in godsnaam nog open? Dat slaat nergens op!"

It kabinet foel ôfrûne wike nei oanlieding fan de bernetaslagge-affêre, wêrtroch't it fleanfjild in ûnderwerp foar it folgjende kabinet wurdt. Beijderwellen tinkt dat der yn in nije regearing aanst net genôch stipe is foar Lelystad Airport. "Ik denk dat ze in de coalitie minder partijen zullen vinden die die weg willen inslaan."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Leonhard Beijderwellen

Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf begrypt it beslút fan de Keamer, mar nimt gjin stânpunt yn oer it iepenjen fan it fleanfjild. Dêrfoar moat earst mear dúdlikheid wêze oer de fleanrûtes. Dy mei de rêst yn de natuer net fersteure. Dat seit wethâlder Hanneke Zonderland.

It Ryk wurket op dit stuit oan in in nije ferdieling fan de loftromte nei 2023. Mar dêr binne noch gjin besluten oer fallen. De gemeente is tsjin leechfleanrûtes oer de natuergebieten fan Weststellingwerf. Neffens Zonderland rinne de mienings oer in eventuele iepening fan Lelystêd útinoar yn Weststellingwerf.

Njonken de tsjinstanners dy't harren soargen meitsje oer de gefolgen foar de natuer binne der ek partijen dy't wol brea sjogge yn de eventuele wurkgelegenheid dy't in grut bedriuw as fleanfjild Lelystêd opsmyt sawol direkt as yndirekt foar bygelyks taleveransiers.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hanneke Zonderland

(Advertinsje)
(Advertinsje)