Studintefakbûn LSVb: “Noed oer tentamens NHL Stenden”

26 jan 2021 - 12:22

It lanlike studintefakbûn LSVb makket him grutte soargen oer de online tentamens fan Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden. Neffens it fakbûn is der maklik yn te brekken yn it systeem, is de privacy fan studinten yn gefaar en soe der te faak in falske melding fan fraude dien wurde. "De zorgen over dit systeem geeft de studenten veel stress," seit foarsitter Lyle Muns fan de LSVb.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Troch it coronafirus kinne der op dit stuit net op skoalle tentamens en eksamens makke wurde. Om de stúdzjes dochs gewoan trochgean te litten makket NHL Stenden lykas in soad oare ûnderwiisynstellingen, gebrûk fan in systeem dat yn de gaten hâldt oft studinten de tentamens thús wol earlik meitsje. Sa wurdt ûnder oare sjoen oft der net stikem noch in oare webside iepene wurdt, dêr't de goeie antwurden op steane. Mar de LSVb hat meardere meldingen krigen dat dat faak fout giet.

Fraudemelding

Muns: "Bij de Wageningen Universiteit kregen meer dan 1.400 studenten een melding dat ze gefraudeerd zouden hebben. Die melding werd automatisch gedaan door het algoritme in het systeem. Zo kreeg een studente te horen dat ze gefraudeerd had omdat ze haar tentamen niet achter haar bureau had gemaakt, maar omdat ze op haar bed zat. Dat herkende het algoritme niet en dus kwam er een melding."

Mar der binne neffens Muns ek in soad problemen mei de privacy fan studinten. "Want die camera staat tijdens het tentamen gewoon aan en filmt dus alles wat er op die kamer te zien is." Ferline wike soarge dat foar problemen bij de Hanzehogeschool yn Grins. Der slagge it in pear sjoernalisten yn te brekken op in online tentamen.

"Maar er zijn ook gewoon te vaak haperingen in het systeem waardoor tentamens niet gemaakt kunnen worden. Dat zorgt voor heel veel stress bij de studenten en vooral in deze tijd kunnen ze dat er gewoon niet bij hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

In wurdfierder fan NHL Stenden seit de soargen fan de studinten te begripen, mar ûntkent dat de problemen dy't de LSVb beskriuwt ek spylje by de Ljouwerter hegeskoalle. "Wij maken gebruik van verschillende online toetsingssystemen die allemaal alleen toegankelijk zijn voor mensen met een account van de hogeschool. Daarmee is het volgens ons zo veilig mogelijk en voldoet het aan alle voorwaarden."

Ek is it by NHL Stenden net sa dat in algoritme bepaalt oft der sprake is fan fraude of net. "Het zijn allemaal menselijke surveillanten die die beoordeling doen. Weliswaar met hulp van de computer, maar de computer is niet de bepalende factor."

Net ideaal, mar it is net oars

Neffens de hegeskoalle is it net ideaal dat der op dizze wize toetst wurde moat, mar is der gewoan gjin oare opsje. "We hebben gewoon niet genoeg ruimte om de studenten fysiek hun toetsen te laten maken. Ze moeten dan op anderhalve meter van elkaar zitten en dat is niet te doen."

Foto: Wytse Vellinga, Omrop Fryslân

Dochs soe de LSVb graach sjen dat der dochs besocht wurdt om gewoan op skoalle tentamens te hâlden. "Bij Rijksuniversiteit Groningen doen ze dat bijvoorbeeld wel. De studenten zitten niet alleen op ruime afstand van elkaar, maar hebben ook allemaal een sneltest gedaan, waardoor je eigenlijk zeker weet dat het coronaproof is," seit foarsitter Muns fan de LSVb.

Foarsitter Lyle Muns fan de LSVb

(Advertinsje)
(Advertinsje)