Alvestêdehal yn Ljouwert giet dizze winter net mear iepen

26 jan 2021 - 11:44

Reedriders kinne dizze winter net mear terjochte yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Takom tongersdei wurde de kuolmasines útset. Dat wurdt dien yn ferbân mei de hieltyd langerduorjende lockdown.

Alvestedehal Ljouwert dizze winter net mear iepen

It is it twadde kear op rige dat se net it folsleine seizoen iepen binne. Yn 2020 moast de Alvestêdehal ek al de doarren slute fanwege de coronakrisis.

Te min

Direkteur Klaas Siderius seit dat it tiid kostet foar't alles wer op nivo is. "Ein maart hâldt it seizoen al op, dus as wy yn febrewaris noch wat meie dan kinne je dêrnei noch mar 6-7 wiken iepen. Dat is wol hiel min."

In soad kosten en gjin ynkomsten, it is in bekend ferhaal. "Aldergeloks hawwe wy goed kontakt mei de gemeente en it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport foar kompensaasje. Want it hat finansjeel grutte gefolgen. Wy ferwachtsje dat wy ek restitúsje jaan moatte foar besikers en riders dy't harre abonnemint der net út helle hawwe, dy krije ek jild werom. Wat je net krigen hawwe, dêr hoege je ek net foar te beteljen."

Spanningsfjild tusken sifers en gefoel

Dêrom moast de kar no ek wol makke wurde. Siderius: "Op in gegeven momint wurdt it rekkenjen. Der is in spanningsfjild tusken de sifers yn Excel en wat je gefoel seit. Je kinne net oars as ophâlde no. Mar it is wol in drama. Ik haw mei de technyske tsjinst troch de hal west om te sjen wat der ôftúgd wurde moat. Der sitte in soad oeren yn, it fielt sinleas. Hiel ferfelend."

Dochs hâldt Siderius de moed der yn. "Ik haw der alle betrouwen yn dat wy takom jier wer fol gas iepen kinne. Us plannen bedjerre net, dy geane yntegraal nei takom jier."

De Alvestêdehal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Direkteur Klaas Siderius

(Advertinsje)
(Advertinsje)