Biofergister Marrum no echt fan de baan: tsjinstanners hingje flagge út

26 jan 2021 - 11:22

It plan om in grutte biofergister oan de Botniawei yn Marrum te bouwen is definityf fan de baan. Ofrûne wike waard dúdlik dat der gjin berop yntsjinne is tsjin it beslút fan provinsje Fryslân om de fergunning yn te lûken. Dêr binne de tsjinstanners fan de biofergister, Stichting Duurzaam Marrum en Actiecomité No Shit! wakker wiis mei. Freed wolle sy flaggen útstekke.

De Botniawei by Marrum - Foto: Rienk Wagenaar

De twa aksjegroepen roppe de ynwenners fan it doarp op om freed de flagge út te hingjen. "We binne hiel bliid en ferromme dat no in ein komt oan in yntinsive perioade, kwa spanning, tiid en kosten. We hoopje ek dat de lokaasje Botniaweg in moaie bestimming hâldt, passend yn de natuerlike omjouwing," sa lit Titia Jippes-de Boer fan Stichting Duurzaam Marrum witte.

Jippes fynt it moai foar it doarp: "Ik sit yn it doarpsbelang en sa bin ik der doe by belutsen rekke. De fergunning wie al âld, út in tiid dat der minder oer de neidielen tocht waard. Tink oan transportbewegingen. Sa'n ynstallaasje brûkt ek in soad enerzjy, der in in grut risiko op stankoerlêst. Ik haw der in soad tiid yn stutsen. No't it echt definityf is bin ik wol bliid, mar as je weromtinke oan dit hiele trajekt, dan tinke je wol: hie dit allegearre moatten? Wie it no sa dreech om in streek troch dy fergunning te krijen?"

Ried fan Steat

Yn septimber makke Jippes al dúdlik dat de soargen pas ferdwûn binne by it ynlûken fan de fergunning foar in twadde biofergistingsynstallaasje. Sy hat it heger berop by de Ried fan Steat trochset. De provinsje woe der al net mear yn mei fanwege de stikstofútspraak. Eigener RSD Vastgoed koe noch wol beswier meitsje tsjin it ynlûken, mar dat is dus net dien.

De gemeente moat neffens de stichting noch wol soargje dat it bestimmingsplan in biofergister net mear mooglik makket. Jippes: "Wy moatte foarkomme dat der in oare partij yn springt, sa't der yn de takomst ek net in fergister komme kin. De wethâlder hat dêr yn it ferline al wat oer sein, dus dêr hâld ik my mar oan fêst."

Der binne noch hieltyd petearen oer de fergister Nieuweweg mei omlizzende bedriuwen, de gemeente en de ûndernimmer om stankoerlêst te beheinen. "Dy stiet der ienkear al, dus it is net realistysk dat dy der rap weigiet. Mar wy binne wol dwaande om de oerlêst te beheinen."

Titia Jippes-de Boer fan Stichting Duurzaam Marrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)