Oprop fia reanimaasje-app jildige útsûndering foar jûnsklok

26 jan 2021 - 11:16

De jûnsklok dy't op it stuit fan 21.00 oant 04.30 oere jildt, hat bekende mar ek minder bekende útsûnderingen. It ferlienen fan driuwende medyske help is sa'n útsûndering op de regel. In reanimaasje is dus in jildige reden om de doar út te gean. Dat meldt HartslagNu.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dy organisaasje bliuwt dan ek mei de jûnsklok boargerhelpferlieners alarmearjen by in hertstilstân yn de omkriten fan de frijwilliger. In registraasje fia de HartslagNu-app en in reanimaasjeoprop is genôch as ferklearring om bûtendoar te wêzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)