PvdA wol dúdlikens fan minister oer sâltwinning en boaiemdelgong

26 jan 2021 - 10:48

De minister fan Ekonomyske Saken en Klimaat moat dúdlikens jaan oer sâltwinning troch Frisia Zout yn Fryslân en de boaiemdelgong dy't dat ta gefolch hat. Dat seit Keamerlid Henk Nijboer fan de PvdA. Hy stelt der Keamerfragen oer.

Twadde keamer - Foto: Shutterstock.com

Nijboer stelt de fragen nei oanlieding fan in artikel yn it Reformatorisch Dagblad. Dat skreau earder dat de Fryske boaiem net mear opfearret nei sâltwinning. De boaiem soe yn de ôfrûne jierren tsientallen sintimeter sakke wêze. De ferwachting wie dat sjerpich sâlt út de omjouwing tastreame soe om de holtes dêr't sâlt út wûn wurdt wer op te foljen en dat de boaiem werom fearje soe. Dy geologyske teory kaam lykwols net út.

Ferkearde oannames

De PvdA'er wol no witte hokker betingsten der yn it ferline steld binne by it ôfjaan fan in fergunning oan Frisia Zout foar it winnen fan stiensâlt út de ûndergrûn by Harns. Ek wol it Keamerlid antwurd op de fraach oft der troch ferkearde oannames ferwachte waard dat it tastreamende sâlt de holtes opfolje soe.

Oare fraach dêr't Nijboer antwurd op wol, is oft de permanint ferlege boaiem gefolgen har foar de gebouwen yn Fryslân, foar de natuer en de wetterhúshâlding. Hy wol ek witte wêr't minsken telâne kinne mei harren skeaclaims as der sprake is fan skea en oft sy rjocht hawwe op in fergoeding.

Gefolgen

Dêrneist freget it Keamerlid oft de nije ynsichten oanlieding binne om de sâltwinning dy't no noch bart, opnij oerwage wurdt en oft de negative effekten yn kaart brocht wurde. Ta beslút wol Nijboer antwurd op de fraach oft de minister ree is om stappen te nimmen om de mooglike skea better yn kaart te bringen en de ynwenners fan Fryslân op de hichte te stellen fan de mooglike gefolgen.

De minister fan Ekonomyske Saken, Bas van 't Wout, hat trije wiken om antwurd te jaan op de fragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)