Oprop Maeykehiem yn Sint-Nyk: mij terrein, Vegelinbosken drok

26 jan 2021 - 10:32

Stichting Maeykehiem ropt minsken op om net te ticht by de wen- en soarchlokaasje yn Sint-Nyk te parkearjen. It is al in skoft te drok om it terrein hinne, om't minsken graach yn de omlizzende Vegelinbosken rinne. Dêrtroch wie der yn guon wykeinen gjin romte mear foar meiwurkers en eventuele helptsjinsten. Dêrby is it foar guon bewenners mei in ferstanlike beheining dreech om de 1,5 meter ôfstân te bewarjen.

Maeykehiem by de Vegelinbosken yn Sint-Nyk - Foto: Google Street View

Op it terrein fan Maeykehiem wenje minsken mei in ferstanlike beheining en der binne ek groepswenten dêr't yntinsive soarch jûn wurdt.

Fierstente drok yn de wykeinen

Neffens de organisaasje is it benammen yn de wykeinen te drok op de strjitte Bouwen om it terrein, troch kuierders, fytsers en auto's. Ofrûne wykein moast de stichting sels konstatearje dat der safolle parkearde auto's stiene, dat needtsjinsten der net mear del koene as dat nedich wie. Ek meiwurkers koene it terrein net op. "Een hele vervelende situatie," skriuwt de organisaasje.

Ofstân hâlde dreech foar bewenners

Dêr komt by dat bewenners fan Maeykehiem de 1,5 meter-maatregel net altyd begripe. En mei it each op de Britske fariant fan it coronafirus is it tige wichtich om it firus bûten de doar te hâlden. "De verantwoordelijkheid voor het houden van afstand ligt bij de begeleiders. Maar doordat er veel 'verkeer' is op het terrein wordt dit voor bewoners steeds lastiger te hanteren."

Stichting Maeykehiem begrypt wol dat minsken genietsje wolle fan de Vegelinbosken. "We gunnen iedereen een heerlijke boswandeling, maar we gunnen het onze bewoners nog meer dat ze op hun eigen Hiem een ommetje kunnen maken zonder dat ze daarmee in contact komen met andere mensen en daarmee risico lopen besmet te worden."

Oprop

Dêrom hat de organisaasje in oprop pleatst om rekreanten te freegjen harren auto's net yn de omkriten fan it terrein del te setten, mar bygelyks by de Doniahal. En fierder freegje sy om it terrein fan Maeykehiem safolle as mooglik te mijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)