Weststellingwerf stelt 212.000 euro beskikber foar opfang gefolgen corona

26 jan 2021 - 08:31

De gemeenteried fan Weststellingwerf hat moandeitejûn in budzjet fan 212.000 euro beskikber steld om de gefolgen fan de coronamaatregels foar maatskiplike organisaasjes op te fangen. It jild komt út it budzjet dat it Ryk de gemeente foar dit doel beskikber stelt.

Foto: Lourens Looijenga

Troch it Ryk is Weststellingwerf yn de septimbersirkulêre 996.000 euro oan kompensaasjemiddels beskikber steld foar 2020. Fia de desimbersirkulêre is oanfoljend 119.000 euro takend. Foar in part is dat jild om rinnende prosessen yn de gemeente geande te hâlden. It Ryk hat yn septimber ek spesifyk de kulturele sektor, doarpshûzen en frijwilligersorganiaasjes foar jongerein neamd yn it kompensaasjepakket dat beskikber steld waard.

In soad organisaasjes kinne gebrûk meitsje fan lanlike regelings. Yn it foarjier hie de gemeenteried al besletten om romhertich om te gean mei maatskiplike ynstellings dy't romten fan de gemeente hiere. Sa is sportklups de sealhier fan 1 maart oant 1 juny 2020 al frijskatten.

Oft dat fan it winter wer bart, koe wethâlder Roelof Theun Hoen noch net tasizze. Gemeentlike belestings binne letter ynbard en der is in romme betellingsregeling troffen.

Subsydzjeregeling

Der binne neffens it kolleezje oanfoljende maatregels nedich om ek oare lokale maatskiplike foarsjennings te helpen. Yn totaal wurdt foar in nije subsydzjeregeling in bedrach fan 192.000 euro rûze. Om de opfang fan bern yn in fertroude omjouwing plakfine te litten, hawwe bygelyks gastâlden ekstra oeren opfang bean. Hjir stie gjin direkte fergoeding tsjinoer en der binne mearkosten ûntstien. De berne-opfangorganisaasjes dêr't it om giet, kinne no in faktuer yntsjinje foar de makke ekstra kosten.

Kompensaasje is der ek foar de eigen bydragen pjutte-opfang, kulturele ynstellings, ferienings amateurkeunstbeoefenig (1.500 euro), doarpshûzen (1.500 euro) en frijwilligersorganisaasjes dy't mei jongerein dwaande binne (1.000 euro).

Wethâlder Hoen tinkt dat dy ynstellings hjirmei foar 2020 foldwaande holpen binne. Lestiger is it mei needlijende kulturele ynstellings. Dy krije foar 2020 yn totaal maksimaal 86.500 euro. It jild is fan 1 febrewaris ôf beskikber. De gemeente stjoert eltse organisaasje dy't foar stipe yn byld is in oanfraachformulier. Organisaasjes dy't dat net krije, moatte harsels melde. Ek foar 2021 binne troch it Ryk yntusken al middels takend.

Needfûns

Ek hat de gemeente each foar oare maatskiplike organisaasjes sûnder winsteachmerk dy't gjin gebrûk meitsje kinne fan lanlike, provinsjale en gemeentlike regelings en dêrtroch driigje om te fallen. Dêrfoar wurdt in needfûns foarme fan yn earste ynstânsje 20.000 euro.

Yn totaal gie it moandeitejûn dus om in earste budzjet fan 212.000 euro. Mocht dat net genôch wêze, dan meldt it kolleezje him opnij by de gemeenteried mei in fersyk om it budzjet fan it needfûns te ferheegjen.

Ienriedich

De gemeenteried stiet unanym achter it foarstel. Riedslid Dirk Dubling: "We zijn allemaal verbonden met elkaar. We zullen elkaar meer dan ooit moeten helpen, ook om de kwetsbare economie te steunen. Ga actief op zoek naar organisaties die hulp nodig hebben." De VVD wiisde dêrby nochris op it belang fan it oerein hâlden fan foarsjennings fanwegen de leefberens yn doarpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)