Gemeente Waadhoeke hâldt ynformaasjejûn oer ljochtoerlêst

26 jan 2021 - 07:26

De gemeente Waadhoeke sil it tiisdeitejûn mei ynwenners hawwe oer ljochthinder. Yn in online gearkomste kin elk dy't him dêrfoar opjûn hat nei in tal presintaasjes syn ynbring kwyt oer it ûnderwerp. Wethâlder Jan Dijkstra set oan de ein fan de jûn de konklúzjes op in rychje.

Foto: Shutterstock

"Ljochthinder is by ús in wichtich ûnderwerp. Wy binne in gemeente, oan de Waadkust, dêr't it tsjuster noch hiel belangryk is. Dat sjogge je yn de rest fan it lân ferdwinen", leit wethâlder Dijkstra út.

Doel fan de jûn is om belied te meitsjen wêrmei't it tsjuster beskerming krijt, sa seit Dijkstra: "It tsjuster moat werom komme op plakken dêr't it no ferdwûn is. Us ynwenners witte dêr fan alles fan. Sy wenje dêr middenyn en wy wolle harren derby belûke."

Kassen

Yn Waadhoeke is der in soad glêstúnbou, dy't in soad ljocht fuortbringt."De kassen hawwe eartiids tastimming krigen om op dizze wize te wurk te gean. Dat soe tsjintwurdich net mear op dy manier kinne. Kassen moatte no foar minimaal 90 persint ljochtticht wêze."

De ljochtsoerlêst wurdt neffens Dijkstra lykwols feroarsake troch folle mear as de kassen allinnich: "It giet om oanljochting fan gebouwen of ljochtreklames. Dy kinne enoarm útskine. Ljocht meitsje it hiel maklik tsjinwurdich en it is frij goedkeap. Dêrtroch ûntstiet der útwaaks. Dêr wolle wy oandacht foar en as it kin belied foar meitsje."

Arsjitekt Nynke-Rixt Jukema fertelt tiisdeitejûn oer de ûntwikkeling fan it ljocht en de ynfloed fan ljocht op minsk en bist. Minsken dy't graach meiharkje wolle, kinne har fia de gemeente oanmelde. De ynformaasjejûn set om 19.30 oere útein.

Wethâlder Jan Dijkstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)