Petysje tsjin nije wynmûne by fûgelopfang Moddergat goed 500 kear tekene

It sit de bewenners fan Paezens-Moddergat al in skoft dwers: de wynmûne by fûgelopfang de Fûgelpits. De mûne is ferâldere, en moat ferfongen wurde. De gemeente hat dêrfoar in fergunning ferliend, mar de nije mûne wurdt folle heger as no it gefal is. Guon omwenners binne dêr poer op tsjin en ha in petysje opstart, dy't yntusken goed 500 kear ûndertekene is.
De nije wynturbine mei 60 meter heech wurde. Guon omwenners en organisaasjes fine dat de fergunning net terjochte ferliend is. "Wy wolle mei de petysje sjen litte dat der gjin draachflak foar is. En dan liket it ús dat hjir ek gjin mûne hoecht te kommen", seit Anne-Goaitske Breteler, inisjatyfnimmer fan de petysje.
Anne Goaitske Breteler, inisjatyfnimmer fan de petysje © RTV NOF, Demi Hoekstra
De mûne dy't der no stiet, sa fertelt Breteler, falt net bot op. Se kin har dan ek net yntinke dat er ea draaid hat. De nije mûne soe lykwols wol in soad opfalle: "It wurdt echt in turbine, mei trije wiken der oan. It wurdt in grut wyt ding yn it lânskip. Sels al stiest op de seedyk, dan kinst 'm net misse."

600 meter

Neffens Breteler soene in protte minsken der lêst fan hawwe. De beswierekommisje fan de gemeente rjochtet him op minsken dy't 600 meter om de mûne hinne wenje, mar Breteler tinkt dat minsken út omlizzende doarpen sa as Nes der ek lêst fan hawwe soene.
Boppedat binne der ek in protte arguminten dy't net mei it lânskip te krijen hawwe. "Der binne in soad minsken dy't bygelyks noed hawwe oer de natuer. Ik tink dat se fierder sjen moatte as dy 600 meter."
Neffens wethâlder Esther Hanemaaijer fan de gemeente Noardeast-Fryslân is der foar de omwenners noch de mooglikheid foar beswier en berop. De gemeente wol dêrom net ynhâldlik reagearje op de saak.
Anne-Goaitske Breteler