Ljouwerter krijt troch fertraging mei de trein boete foar skeinen jûnsklokregels

Treinreizger Evert Engwerda (65) út Ljouwert kin der noch hieltyd net oer út dat hy sneintejûn in jûnsklokboete fan 95 euro krige op it Ljouwerter stasjon. Engwerda wie dy dei yn Maastricht op besite by syn omke, dy't dêr yn in ferpleechhûs wennet. "Omke is 94 jier en hat misjonaris west. Hy hat gjin bern en dêrom gean myn broer en ik omstebeurt by him op besite. Om wer op tiid werom te wêzen yn Ljouwert bin ik om 16.30 oere yn Maastricht wer op de trein nei hûs stapt."
Evert Engwerda op de pleats tusken Ljouwert en Tytsjerk © Omrop Fryslân
Troch de rebûlje yn Eindhoven waard it lykwols in ommelânske reis. De trein nei it Noarden gie net fierder as Weert. Engwerda moast omreizgje oer Roermond en Nijmegen en kaam dêrtroch pas om 22.15 oere yn Ljouwert oan, yn plak fan om 20.45 oere.

Grut ûntfangstkomitee fan plysjes

Yn Ljouwert trof Engwerda in motorplysje, dy't him ta syn ferbjustering gelyk in boete joech en neat fan in fertraging witte woe. "Hy hie it sa neisjen kinnen, mar doe hie er de boete al jûn. No moat ik letter beswier meitsje as ik de boete krij. Ien ding stiet wol fêst: ik betelje dit net." Engwerda fûn boppedat it 'grutte ûntfangstkomitee' fan wol tsien plysjes yntimidearjend foar it hânfol reizgers dat om dy tiid oankaam.
Engwerda bedarre sneintejûn lilk op bêd en sliepte min. Doe't er moandei hearde dat der yn Ljouwert op sneintejûn ien jûnsklokboete útdield wie, waard er noch lilker. "Je wurde kriminalisearre troch in plysjeman dy't je net iens de romte jout om je ferhaal te dwaan."
Je krije earst in boete, en dêrnei moat de boarger mar sjen dat er it werom draait.
Evert Engwerda
De rigide oanpak troch de oerheid doocht net, fynt er. "It liket hast wol op de taslagge-affêre. Je krije earst in boete, en dêrnei moat de boarger mar sjen dat er it werom draait. It liket nergens op."
De ferfelende ûnderfining fan sneintejûn soarget der ek foar dat Engwerda noch mear begryp fielt foar jongeren dy't grutte beswieren hawwe tsjin de jûnsklok en dêr ek tsjin yn aksje komme. "Jonge minsken wolle inoar treffe en fan it libben genietsje. Dat begryp ik wol. Ik fyn dat der fan harren wol in hiel soad frege wurdt." Engwerda fynt it heech tiid dat de oerheid kritysker sjocht nei de eigen wurkwize.

Kommende snein wer nei Maastricht

Omke yn Maastricht hoecht der net oer yn te sitten dat er net wer besite út Fryslân krijt, hoe krap oft de reistiid ek is troch de jûnsklok. "No snein gean ik wer. En as omke wol dat ik in heal oerke langer bliuw, dan doch ik dat, jûnsklok of gjin jûnsklok en sa'n ferklearring nim ik ek net mei. Ik bin in ynteger man. As minsken in bytsje ynteger mei my omgeane, dan gean ik in hiel ein mei se mei. Mar as it sa giet, dan sykje se it mar út."
Evert Engwerda krige troch fertraging mei de trein in jûnsklokboete fan de Ljouwerter plysje