Slaanderij om frou: Tynster (19) feroardiele ta wurkstraf

25 jan 2021 - 22:04

In 19-jierrige ynwenner fan De Tynje is feroardiele ta in wurkstraf fan 160 oeren. Hy hie yn desimber 2019 nei it tintefeest Stobbepop op It Hearrenfean in oare man knock-out slein.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De twa hiene spul krigen om in frou: de eks-freondinne fan de fertochte wie ek de eks fan it slachtoffer. Doe't se yn de tinte spul krigen, koe de befeiliging noch yngripe, mar bûten foelen de klappen. It slachtoffer seit dat er hommels slein waard. De Tynster seit dat it slachtoffer him útdage hie.

It slachtoffer hie in brutsen noas en in harsenskodding. Omdat er problemen krige mei it sykheljen, moast er de noas operearje litte. Hy tsjinne in skeafergoeding yn: 3.000 euro smertejild en goed 8.000 euro foar oare kosten. De rjochter wiisde 1.000 euro smertejild ta en goed 600 euro foar de oare kosten. As it slachtoffer mear jild ha wol, moat er nei de boargerlike jochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)