Opskuor yn Boyl troch plannen foar nije geitehâlderij

25 jan 2021 - 21:20

De plannen foar in nije geitehâlderij by Boyl ha foar opskuor soarge by de omwenners. Moandei waard in hantekenaksje begûn om de bou tsjin te hâlden. Op it plak dêr't it bedriuw komme moat, sit no noch in melkfeehâlderij.

Foto: ANP

It nije bedriuw moat plak jaan oan hast 2000 geiten, sa fertelde Dirk Peters moandeitejûn yn de riedsgearkomste fan gemeente Weststellingwerf. Tsien wenningen en trije rekreaasjebedriuwen soene dan binnen 200 meter fan it bedriuw komme, sei Peters. Hy is eigener fan ien fan de bedriuwen en is benaud dat gasten fuortbliuwe sille troch de geitehâlderij.

Peters wiist op de gefaren lykas sykten as Q-koarts. Hy fynt ek dat in grutte geitehâlderij net yn it lânskip past. "Wij zijn ook een kleinschalig recreatiebedrijf in het coulissenlandschap. We moeten onze omgeving koesteren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)