Maratonrider Jouke Hoogeveen hâldt op, in jier nei syn grutste titel

Presys in jier nei't er de Nederlânske titel op natueriis wûn, hâldt maratonrider Jouke Hoogeveen (42) fan Drylts op. Hy is ta it beslút kaam nei't de KNSB definityf in streek sette troch it maratonseizoen fan dit jier.
Jouke Hoogeveen nei syn nasjonale titel ferline jier © ANP
Hoogeveen wûn foarich jier op de Weissensee yn Eastenryk de nasjonale titel nei in wedstriid oer 150 kilometer. Dat wie de grutste priis út syn fjirtjin jier as wedstriidrider op it heechste nivo.
"Door de omstandigheden heb ik veel tijd gehad om na te denken", fertelt Hoogeveen oan de website skatenl.nl. "Het was een moeilijk besluit. Ik had dit jaar graag nog die trui willen verdedigen."
It leafst hie Hoogeveen noch ien grutte wedstriid winne wold. "Want ik heb heel mooie dingen laten zien, heb mooie wedstrijden en klassementen gewonnen, maar nooit die 200 kilometer." Hy is ien kear twadde wurden by de Alternative Alvestêdetocht en ien kear tredde.