Simon Vestdijk komt mei 'lêschallenge' om jongerein oan it lêzen te krijen

25 jan 2021 - 20:37

Jongerein moat mear lêze, sa fynt skoallemienskip Simon Vestdijk yn Frjentsjer en Harns. Dêrom betochten twa dosinten fan de skoalle in 'lêschallenge': eltse moandei ferskine der op de Instagram-pagina fan de skoalle útdagings dy't te krijen ha mei in boek nei eigen foarkar.

Foto: Simon Vestdijk

"Het begon heel klein, met het idee wat leuks te doen voor onze leerlingen. Lezen kan altijd en overal, dus we begonnen met een leeschallenge", fertelt dosinte Nederlânsk Silke van Renselaar. Sy betocht mei kollega Sanne de Vries de challenge.

"In de maand februari ga je een boek lezen, het maakt niet uit welk boek of welke taal. Eind februari moet je die uit hebben", leit Van Renselaar út. "Op maandag zetten we een nieuwe challenge online, bijvoorbeeld: plaats een foto van jezelf met het boek dat je leest. Elke vrijdag maken we dan een winnaar bekend."

Oanlieding foar de challenge wie it wer ôfnimmen fan de lêswille yn Nederlân. "Het verplichte karakter willen we eraf hebben. Lezen is leuk, het neemt je mee naar andere werelden. Dat willen we ze graag weer laten ervaren."

Silke van Renselaar

(Advertinsje)
(Advertinsje)