Soad plysje yn grutdiels rêstich Ljouwert

25 jan 2021 - 22:47

Yn Ljouwert is moandei in soad plysje oanwêzich om yn te gripen by mooglike ûnrêst. Earder op de jûn jilde in needferoardering foar de binnenstêd en de omkriten fan Emmakade. Boargemaster Buma hie sinjalen krigen dat minsken dêr byelkoar komme woenen om de konfrontaasje mei de plysje te sykjen en saken te fernielen.

In soad plysje yn de stêd

De Albert Heijn oan de Emmakade is earder tichtgongen fanwege de mooglike ûnrêst. Njonken de oproppen ta konfrontaasje en fernielingen, krige de gemeente ek sinjalen fan groepen dy't just nei it sintrum ta woenen om de relskoppers tsjin te hâlden en winkels te beskermjen.

It hat moandeitejûn in skoftke ûnrêstich west by it Zamenhofpark, flakby it Cambuurstadion. Letter op de jûn wie it hast oeral yn de stêd wer rêstich.

Ferslachjouwer Willem de Vries frege jongerein wat se fan de jûnsklok fine

(Advertinsje)
(Advertinsje)