Nije boat fan Doeksen tiisdei yn de tsjinstregeling

25 jan 2021 - 19:05

Rederij Doeksen ferfiert tiisdei foar it earst passazjiers tusken Harns en Skylge mei de nije boat Willem de Vlamingh. It is ien fan de twa nije boaten fan de rederij. De Willem Barentsz kaam ôfrûne july al yn de tsjinstregeling.

Earste oertocht nije skip Doeksen

De twa nije skippen wurde ynset foar de feartsjinst tusken Flylân en Skylge. "Het bouwtraject is lang en hobbelig geweest", seit Dirk Spoor, de nije direkteur fan Doeksen. "Niet in de laatste plaats door de coronacrisis, maar nu we dit omvangrijke project afronden, kunnen we met trots zeggen dat het twee fantastische schepen heeft opgeleverd: twee efficiënte, lichtgewicht LNG-catamarans met een lage uitstoot en een interieur met faciliteiten die bijdragen aan de eilandervaring van onze gasten."

Fanwege alle coronamaatregels dy't jilde, komt der gjin feestlike yntroduksje. Passazjiers wurde ferwolkomme troch in maskotte en krije kofje of tee.

De twa nije skippen binne makke op in werf yn Fjetnam. Begjin 2019 makken se in wrâldreis oer Kaap de Goede Hoop nei Fryslân ta. By de reis rûnen se wetterskea op, dat soarge derfoar dat de skippen letter yn de tsjinstregeling kaam binne as earst de bedoeling wie.

De MS Willem de Vlamingh en MS Willem Barentz farre tusken Harns, Skylge en Flylân. De twa boaten binne 70 meter lang en 17 meter breed. Der kinne 600 passazjiers op en 64 auto's. De boaten farre op floeiber ierdgas. De topsnelheid fan de boaten is 14 knopen, oftewol 26 kilometer yn 'e oere.

De skippen op transport - Foto: Rederij Doeksen
(Advertinsje)
(Advertinsje)