Jûnsklok soarget foar glêdere diken

25 jan 2021 - 18:40

Rijkswaterstaat struit de diken as dy troch opfriezen glêd wurde, mar no't troch de jûnsklok amper mear ferkear op dyk is, wurdt it sâlt net goed ynriden.

Struiwein op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media

Peter Snippe, glêdenskoördinator by Rijkswaterstaat, sjocht dat der minder ferkear op de dyk is, dat is al sa sûnt de coronakrisis. "Maar in de nachtelijke uren hebben we wel meer problemen, omdat er amper verkeer op de weg is. Het zogenaamde zoab-asfalt heeft een poreuze bovenzijde en bij vocht verdunt het zout en loopt het in de deklaag."

Gewoanwei nimme de bannen, benammen fan frachtweinen, it sâlt mei oer de dyk. "Dat is nu minder en wordt het voor ons lastig om het zout goed op de weg te houden", fertelt Snippe. "Dus moeten we vaker strooien dan normaal, want de mensen die wel rijden moeten we ook een veilig weg aanbieden. De hulpdiensten zijn ook onderweg."

Wekker om healwei fjouweren

Der binne fjirtjin mjitpunten yn de provinsje dy't de temperatuer fan de dyk en it sâlt mjitte. "Als we een alarm krijgen, gaan we actief bewaken en waar nodig gaan we strooien. Maar we zetten standaard om half vier de wekker om te monitoren en alvast vooruit te kijken naar de ochtendspits. Om vier uur beslissen we dan of we wel of niet gaan." Gewoanwei wolle se mei de struiweinen it ferkear net hinderje, mar omdat dat der minder is, kinne se moarns ek letter noch op paad.

Peter Snippe

(Advertinsje)
(Advertinsje)