Kabinet mei neat beslute oer 'controversieel' fleanfjild Lelystêd
De Twadde Keamer fynt dat fleanfjild Lelystêd foarearst net iepen kin. De Keamer hat it ûnderwerp 'controversieel' ferklearre. Dat betsjut dat it demisjonêre kabinet der net fierder mei mei en dat in nij kabinet der opnij nei sjen moat.
De iepening fan it fleanfjild wie al op de lange baan skood fanwege strangere regels troch de stikstofkrisis. De twivels oer it fleanfjild binne allinne mar grutter wurden no't der folle minder flein wurdt as gefolch fan de coronakrisis.
Der is bot ferset tsjin fleanfjild Lelystêd, ek út Fryslân wei, omdat der soargen binne oer lûdsoerlêst.