Wolvegeaster bedriget groep jeugd mei isolaasjemes en moat wurkstraf dwaan

25 jan 2021 - 17:59

In 48-jierrige ynwenner fan Wolvegea is moandei feroardiele ta in wurkstraf. Hy hat op 8 desimber 2019 by de supermerk yn it doarp in groepke jongerein bedrige mei in mes.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy brûkte in isolaasjemes, dat brûkt wurdt om isolaasjemateriaal te snijen. Neffens de Wolvegeaster waard syn styfdochter al in skoft bedrige troch in groep jongerein. Hy woe it groepke dêrop oansprekke. It groepke kaam driigjend op him ôf, seit er, wêrnei't er it mes pakte om him te ferdigenjen.

In frou út Hurdegaryp (39) hie in frou dy't by de fertochte hearde yn it gesicht rekke mei it roaster fan in jiskebaktegel. De Hurdegarypster sei dat se har ferdigene hie, mar de rjochter seach dat oars. Sy waard foar mishanneling feroardiele ta in wurkstraf fan 30 oeren. Se moat 300 euro oan de oare frou betelje.

De man út Wolvegea moat 60 oeren wurkstraf dwaan. Hy seach letter wol yn dat it 'hiel dom' wie. Hy sei dat er it mes net spesjaal meinaam hie om te driigjen. Hy hie it mes mei foar syn wurk yn de bus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)