"SC Hearrenfean hat echt in hiel grut probleem"

Twa bysûndere gasten yn de Sportcast dizze wike: we prate mei Reza Ghoochannejhad, âld-fuotballer fan SC Hearrenfean en SC Cambuur. Hy skoarde dit wykein in hattrick foar PEC Zwolle. En we belje mei Peter Houtman, âld-fuotballer fan ûnder oare Feyenoord en no stadionspeaker yn De Kuip. Hearrenfean spilet yn koarte tiid foar de kompetysje én de beker tsjin Feyenoord. We prate oer de krisis dêr't Hearrenfean yn sit en oer it sukses fan SC Cambuur en Robin Maulun.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.
Hearrenfean hat al alve wedstriden op rige net mear wûn. Sneon ferlear it fan Heracles. Ferslachjouwer Arjen de Boer is kritysk op de ploech: "Hearrenfean hat echt in hiel grut probleem. De ranglist ferblommet hoe't it no is. Ast sjochst nei it programma, dan witst dat Hearrenfean aanst yn it rjochterrychje stiet."

Fleugellam

De Boer: "Se spylje mei fleugelspilers, mar se binne fleugellam. En de fraach is ek oft de technyske stêf de spilers better makket. Mitchell van Bergen bygelyks. Wurdt dy better? En sjoch nei hoe't se yn de dug-out sitte. Johnny Jansen moat bliuwe, mar in oare gearstalling fan de technyske stêf soe net ferkeard wêze."
Ferslachjouwer Roelof de Vries: "It is enerzjyleas, kritykleas, flak. Guon spilers binne wurch. Se spylje sân wedstriden yn in moanne. De backs komme al moannen tekoart. Elkenien hat it oer de fout fan Arjen van der Heide tsjin Heracles, mar sjoch ris nei Floranus."

Reza Ghoochannejhad werom nei Hearrenfean?

"Ik kom erin en dan moet je laten zien dat je er nog bent", seit Reza Ghoochannejhad oer syn ynfalbeurt by PEC Zwolle tsjin Willem II. Hy kaam der yn it skoft yn en skoarde trije kear. "Ik vind wel dat de trainer mij te weinig opstelt."
Presintator Andries Bakker: "Klikt het wat minder met je trainer John Stegeman?" Reza: "Nou, dat is een understatement, denk ik. Het is absoluut geen verkeerd mens hoor, maar met sommige keuzes ben ik het niet eens. Je hoeft het ook niet altijd met elkaar eens te zijn. Maar ik denk dat ik altijd alles geef. Of ik nou speel of niet."
PEC Zwolle hat krekt Thomas Buitink hierd fan Vitesse. De Vries: "Dus ik tocht: Hearrenfean hat eins mar ien spits, dy kinne noch wol in spits brûke." Reza: "Ik moet zeggen, ik heb nog altijd contact met jongens van Heerenveen, zoals Henk Veerman en Lucas Woudenberg en ik heb vrijdag nog even na de wedstrijd met Gerry Hamstra gesproken, maar terug naar Heerenveen is niet realistisch. Maar buiten het veld had ik altijd een enorme klik met Henk. Toevallig sprak ik hem gisteren nog even na de wedstrijd over Heracles."
Ghoochannejhad spile by Cambuur en Hearrenfean. "Ik moet zeggen dat ik ze beide nog volg. En Frisia ook. Daar loop ik nog wel eens wat rondjes. Om mijn conditie op peil te houden."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.