Wolvegeaster yn lanlik panel foar taslagge-affêre helpt oare dupearde âlden

Lia Pen fan Wolvegea komt yn it Ouderpanel Kinderopvangtoeslag. Se is sels dupearde fan de taslagge-affêre en moat sûnt 2008 al tûzenen euro's werombetelje oan de belestingtsjinst foar taslaggen dêr't se úteinlik wol rjocht op hie. Troch yn it panel te sitten jout se advys oan steatssekretaris Van Huffelen en de belestingtsjinst oer hoe om te gean mei de dupearden.
© Eigen foto
Yn 2008 begûn foar Pen de ellinde doe't har dochter nei de berne-opfang gong. In jier letter waard har ynienen dúdlik makke troch de belestingtsjinst dat se alles werombetelje moast. It skuldbedrach rûn neffens de belestingtsjinst op nei hast 60.000 euro en se krige it stimpel 'fraudeur'. Se hie dêrom gjin rjocht mear op oare taslaggen foar bygelyks soarch of hier. Dêrom wit Pen net seker hoefolle jild se krekt misrûn is.
Dochs krige Pen it foar mekoar om sawat de helte fan de 'skuld' ôf te beteljen doe't yn 2019 foar de earste kear hoop kaam foar har saak.

Panel

Pen is frege foar it panel om't se al in soad kontakt hie mei de tolve âlders dy't der no yn sitte. Se joech in soad saken troch dy't spylje by de dupearde âlders. Har rol is om mei te tinken en kontakt te hâlden oer wat de oare dupearden meimeitsje. It sinjalearjen en trochspyljen oan steatssekretaris Van Huffelen.
"Ik zit er nu sinds een week in. Er kwam een plekje vrij en ik stond op de wachtlijst. Ik wil graag wat terugdoen en de stem voor andere ouders zijn", leit Lia Pen út. "Ik krijg veel signalen op bijvoorbeeld Facebook en Twitter en uit de lotgenotengroep en zo kan ik al vroeg de problemen signaleren."

Tips oan oare âlden

As foarbyld neamt se wat der op dit stuit oan de hân is mei advokaten. Se heart fan âlden dat dy har jild ôftroggelje wolle om in tredde part fan dy 30.000 euro kompensaasje te krijen. Dit jout it panel dan troch en dan wurdt der kommunisearre dat der fergees juridysk advys beskikber is. "Door dat door te geven, kan ik daar een stokje voor steken en ouders waarschuwen."
Se sjocht it ek as har taak om ta te sjen op de kommunikaasje. "Die communicatie van de Belastingdienst over het betalen van die 30.000 euro naar de ouders verloopt niet altijd goed, die signalen pikken we op. Dan geven we als tip om een filmpje te posten wat mensen kunnen verwachten en hoe die regeling eruitziet. We trekken de staatssecretaris aan haar jasje en dan gebeurt daar ook iets mee."
Se wol graach oare minsken helpe, mar it ferwurkjen fan har eigen 'saak' koste wol de nedige emoasjes. "Dat gaat je niet in de koude kleren zitten."
Lia Pen