See-earnen bouwe opnij nêst yn Koudum: komme der ek wer pykjes?

Yn Koudum is foar it fjirde jier op rige in pear see-earnen in nêst oan it meitsjen yn deselde beam yn it Koudumer Boskje. De fûgels binne alle dagen dwaande om har ta te rieden op it briedseizoen. Gewoanwei is dat ein febrewaris. Twa jier lyn hiene se foar it earst ek echt pykjes.
© Albert Draaijer
Albert Draaijer folget it grutte nêst op in hûnderten meters ôfstân mei syn kamera. "It is in opstekker foar de Koudumers, mar der komme ek fûgelleafhawwers op ôf, der wie sels ien út Utrecht." Neffens him wienen se de hiele dei op it nêst. "Mar no binne se krekt fuort, silst altyd sjen fansels."
Hy hat ek op kamera fêstlein dat se oan it 'tútsjeboartsjen' wienen. "Mei dy grutte snaffels sa tsjin elkoar." Oer in moanne giet it pearjen los. "Dan wurdt it dus spannend. As it goed is, binne der begjin april jongen. Ferline jier ha ik op 10 april filmje kinnen dat ien sa'n kopke boppe it nêst útkaam."
De see-earnen ha in goed plak yn Koudum, mei genôch fretten yn de buert, lykas fisk yn de marren en jonge guozzepykjes.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Willem de Vries is yn Koudum
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Willem de Vries is yn Koudum (2)