Leeuwarder Lyceum dizze wike ticht nei besmetting by meiwurkers

25 jan 2021 - 16:18

It Leeuwarder Lyceum is dizze wike ticht om't yn it wykein in tal meiwurkers fan de middelbere skoalle posityf testen op it coronafirus. Nei oerlis mei de GGD is besletten om de skoalle te sluten, ek mei it each op de besmetlike Britske fariant.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De sluting betsjut dat de toetswike fan de eksamenklassen ôfbrutsen wurdt en learlingen net nei skoalle komme.

As dúdlik is wannear't de toetsen wer ôfnimmen wurde kinne, sil de skoallieding dat kommunisearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)