Utbraak by wensoarchsintrum Bûtenpost: 11 bewenners en 9 meiwurkers ha corona

25 jan 2021 - 15:36

By tweintich minsken yn wensoarchsintrum Haersmahiem yn Bûtenpost is it coronafirus fêststeld. It giet om alve bewenners en njoggen meiwurkers. De koepel KwadrantGroep hâldt it sintrum foarearst ticht foar besite.

Haersmahiem yn Bûtenpost - Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Der binne op ferskate ôfdielingen besmettingen fêststeld. Dêrtroch is der net genôch sicht op de fersprieding fan it firus, meldt de KwadrantGroep. Alle bewenners sitte yn har eigen appartemint yn karantêne. Bewenners dy't corona ha, wurde beskerme ferplege.

Twa wiken lyn waarden by in oar soarchsintrum fan de KwadrantGroep mear as hûndert besmettingen fêststeld. Dat gong om 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Dêr waard ek de Britske fariant fan it firus fûn.

De útbraak yn Haersmahiem ferklearret ek it hege tal besmettingen yn Achtkarspelen de lêste tiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)