RIVM: minder besmettings as trochsneed, wol soad yn Achtkarspelen

25 jan 2021 - 15:18

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 157 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 88 minder as snein, doe gie it om 245 besmettingen. Gemiddeld sjoen binne der de ôfrûne wike alle dagen 206 minsken besmet rekke mei it coronafirus.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Achtkarspelen, mei 25. Dêrnei komme Ljouwert (22), Smellingerlân (20) en Súdwest-Fryslân (20).

Oer de ôfrûne wike sjoen, wurde der omrekkene nei 100.000 bewenners alle dagen 85 besmettingen meld yn Achtkarspelen. Dêrnei komt Opsterlân mei 48 en dan Tytsjerksteradiel mei 41.

Stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke.

Der binne twa nije Friezen it sikehûs yn rekke fanwege it coronafirus de ôfrûne dei, ynwenners fan Achtkarspelen en Ljouwert.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne moandei 4.129 nije besmettings meld. Dat wiene snein 4.904. It trochsneed de ôfrûne wike is 5.138 deis.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)