UPDATE: Gaslekkaazje Snits ûnder kontrôle, bewenners kinne hûs wer yn

25 jan 2021 - 17:10

Yn Snits binne moandeitemiddei 32 hûzen ûntromme omdat der gas frijkaam is. It giet om hûzen oan de Westhemstraat. Nei trije oeren wurk koene de bewenners werom it hûs yn.

32 hûzen ûntromme yn Snits

By wurk op de Westhemstraat waard moandei in gaslieding rekke. Fia it rioel is it gas de hûzen yn kaam. Der binne gjin ferwûnen, meldt de brânwacht. Foar de wissichheid wie der wol in ambulânse teplak.

"It is wol even skrikken", seit ien fan de bewenners. "Ik wie dwaande mei skoalle. Ynienen waard op it rút kloppe: 'moatst it hûs út'. Ik wie wol in bytsje dûzelich, mar ik wist net wêr't it fan kaam. Ik rôp ús mem om nei ûnderen te kommen en no steane we bûten. Ik hoopje dat ik jûn yn myn eigen bêd sliepe kin. De ruten en doarren steane iepen. Ik hoopje dat it goed trochluchtet."

Nei 17.00 oere waard dúdlik dat de brânwacht de útstream fan gas tsjinhâlde koe. De brânwacht hat alle hûzen kontrolearre en de bewenners kinne werom har hûs yn.

Foto: CAMJO media
Trefwurden: 
brânwacht Snits gaslekkaazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)