Kimswerters wolle by Harns hearre

15 nov 2011 - 21:43

Ynwenners fan Kimswert wolle graach fusearje mei Harns. Dat blykt út in enkête fan doarpsbelang.

It doarp hearde by de gemeente Wûnseradiel, dat opgong yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Kimswert leit hast tsjin Harns oan en is hielendal rjochte op de havenstêd. Der binne 250 enkêteformulieren ferspraat, hjirfan kamen oant no ta 70 werom. Mear as de helte is foar in kombinaasje mei Harns. De krityk op de nije gemeente is foaral de ôfstân dy't ôflein wurde moat om by it gemeentehûs yn Snits te kommen.

Trefwurden: 
Harns Kimswert doarpsbelang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)