Ljouwerter freedsmerk aanst wer grutste fan Fryslân

15 nov 2011 - 21:28

De freedsmerk fan Ljouwert moat it grutste iepen winkelsintrum fan Fryslân wurde. 

De merk wurdt salang it Saailân net klear is hâlden op de Nijstêd en de Wirdumerdyk. Mar oer in jier is de grutste merk fan Fryslân werom op it âlde plak. Der komme wol minder keaplju. Troch de krisis is it tal weromrûn fan 100 nei 65. Dit smyt in tekoart op yn de eksploitaasje fan ien ton. It is noch ûndúdlik wa't dat tekoart betelje moat. Fierder komt de merk der oars út te sjen. De keaplju mei deselde produkten komme bymekoar te stean. Ek sille de merkkeaplu mear dwaan om de merk te promoaten.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)