Stoart Wolvegea wegeret tenei bestelauto's

Op it stoart yn Wolvegea binne fan 1 febrewaris ôf gjin bestelauto's mear wolkom. Dat hat de gemeente Weststellingwerf moandei bekend makke. Dit beslút nimt de gemeente om foar te kommen dat minsken harren bedriuwsôffal nei it stoart bringe.
© ANP Foto
Op it stoart wurdt gjin bedriuwsôffal ynsammele, it is allinnich bedoeld foar guod fan partikulieren. Dochs bart it noch faak dat der wol bedriuwsôffal brocht wurdt. Dat bart faak mei bestelauto's. Dêrom binne dizze auto's mei in griis kenteken fan 1 febrewaris ôf net langer wolkom.
Foar partikulieren dy't allinnich in bestelwein ha, makket de gemeente ûnder betingsten in útsûndering.