Ljouwerter (24) krijt selstraf en taakstraf foar rellen op âldjiersnacht

25 jan 2021 - 13:58

De 24-jierrige man út Ljouwert, dy't op âldjiersnacht oanhâlden waard foar rellen yn syn wenplak, hat moandei in taakstraf krigen fan 180 oeren. Ek feroardielde de rjochter de man ta 60 dagen finzenis, wêrfan 56 dagen ûnder betingst. De fjouwer dagen finzenisstraf hat de man yntusken útsitten troch syn foararrest.

Foto: ANP Foto

In groep relskoppers smiet mei âldjiersnacht swier fjoerwurk, stiennen en glês nei de plysje. Neffens it Iepenbier Ministearje wie de Ljouwerter ien fan de relskoppers en hat er him skuldich makke oan in poging ta swiere mishanneling. Neffens de Ljouwerter wie er wol yn de buert, mar makke er gjin diel út fan de groep relskoppers.

Drank- en drugsgebrûk

De man joech ta dat er wat blikjes bier dronken hie en de harddrug coke brûkt hie. "Ik wilde alleen demonstreren tegen de coronamaatregelen", fertelde er de rjochter. Dy leaude dêr lykwols folslein neat fan. Net allinnich krijt de Ljouwerter in taakstraf, hy krijt ek in meldplicht by de reklassearring en moat him behannelje litte foar syn drank- en drugsgebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)