Lokale oplossingen foar globale problemen by kursus klimaatadaptaasje fan Campus Fryslân

25 jan 2021 - 13:03

In grut tal wrâldlieders sit dizze moandei by mekoar op in online top oer de klimaatferoaringen, dêr't Nederlân gastlân fan is. En ék op dizze dei begjint de Rijksuniversiteit Groningen/Campus Fryslân mei in kursus klimaatadaptaasje. It is in gearwurking mei it 'Global Centre on Adaptation' fan de Feriene Naasjes.

Foto: Omrop Fryslân

De eardere sekretaris-generaal Ban Ki-Moon fan de Feriene Naasjes hat sein dat er wiis mei de kursus is en hy nûget jonge lieders út dy te folgjen. Andrej Zwitter, dekaan by de RUG, hat de kursus mei ûntwikkele en hat der mear as in jier mei dwaande west.

Hy leit út wat klimaatadaptaasje is. "Daarmee bedoelen hoe we als maatschappij met de klimaatverandering kunnen leven, hoe we er het beste van kunnen maken en wat er aan aanpassing moet gebeuren."

Wettermanagement

De fergeze kursus is online te folgjen. Der binne al mear as tûzen dielnimmers. "De cursus is opgedeeld in vier delen van elk vier weken. De cursus is interactief. Je leert bijvoorbeeld concreet welke problemen er ontstaan door klimaatveranderingen zoals droogte en overvloeding en hoe je dat kunt oplossen door duurzame middelen zoals watermanagement."

Campus Fryslân wol sjen litte dat globale problemen ek yn Fryslân oppakt wurde kinne. "We hebben hier in Fryslân lokale oplossingen. Het watermanagement is hier erg sterk, dat laten we zien en we brengen onze kennis naar buiten."

Neffens Zwitter is de kursus foar elkenien dy't ynteresse hat om de wrâld better te meitsjen. Nei dy kursus is ek noch in simmerskoalle, net fergees, te folgjen.

Dekaan Andrej Zwitter

(Advertinsje)
(Advertinsje)