Plysje dielt 172 bekeuringen út foar negearjen jûnsklok

25 jan 2021 - 12:50

Sûnt it yngean fan de jûnsklok hat de plysje 172 Friezen op 'e bon slingere. Dizze minsken koenen gjin jildige reden jaan wêrom't se op strjitte wienen. De bekeuring foar it skeinen fan de jûnsklok is fêststeld op 95 euro.

Foto: Omrop Fryslan

Sûnt ôfrûne sneontejûn jildt de jûnsklok. Fan njoggen oere jûns oant healwei fiven moarns meie ynwenners net de strjitte op as se dêrfoar gjin jildige reden hawwe. Foar minsken dy't oan it wurk moatte of de hûn útlitte, jildt in útsûndering.

Trefwurden: 
plysje coronafirus jûnsklok
(Advertinsje)
(Advertinsje)