ANWB Automaatje Waadhoeke rydt âlderein mei 'prikritten' nei faksinaasjelokaasje

25 jan 2021 - 12:23

Nei soarchmeiwurkers, húsdokters en de âlderein yn ferpleechtehûzen binne no ek de thúswenjende âlderein oan bar foar in faksinaasje tsjin it coronafirus. Fan dizze moandei ôf krije se in útnûging om nei it WTC yn Ljouwert te kommen. Foar âldere minsken dy't net goed rinne kinne, komt ANWB Automaatje yn Waadhoeke, Achtkarspelen en in part fan Tytsjerksteradiel no mei saneamde 'prikritten'.

Frijwilliger foar AutoMaatje - Foto: Omrop Fryslân

"Wy fernimme no al dat ús klanten, benammen âlderen dy't minder mobyl binne, harren grutte soargen meitsje oer wêr en hoe't se de prik helje moatte", seit koördinator Mia Bonnema. "Wy ha noch gjin antwurden op de fraach wêr't it faksinearjen krekt plakfine sil, mar we kinne dizze minsken wol alfêst gerêst stelle oer hoe't se der komme moatte. It faksin is urgint genôch om de help fan ANWB Automaatje yn te skeakeljen. En dy help sille wy dus folop jaan mei ús 'prikritten'."

Rap te plak

It inisjatyf ANWB Automaatje Waadhoeke rint al twa jier. Frijwillige sjauffeurs ride mei har eigen auto buertgenoaten nei plakken dêr't se net selsstannich komme kinne. Wa't help nedich hat om by de faksinaasjelokaasje te kommen, kin him of har no al oanmelde by ANWB Automaatje Waadhoeke, fia De Skûle. Tsjin de tiid dat de ôfspraak is, wurdt kontakt lein tusken beide partijen.

Help ek mei

Bonnema hopet genôch frijwilligers te hawwen. "Us team fan frijwilligers, dy't ek yn de drege moannen altyd wer foar ús klear stienen, kin wol wat ekstra help brûke. Minsken mei in eigen auto, dy't ús yn dizze drokke tiid helpe wolle om alles goed ferrinne te litten, roppe wy op om har te melden."

Koördinator Mia Bonnema

Wa't help nedich hat fan it Automaatje of wa't him opjaan wol as sjauffeur, kin moarns tusken 09.00 en 12.00 oere belje mei 06 184 22 894.

(Advertinsje)
(Advertinsje)