Ekologysk ûndersyk by Wynpark Fryslân

25 jan 2021 - 12:06

Hoe komt it mei de fûgels, de flearmûzen, de fisken, wetterplanten en skulpbisten by Wynpark Fryslân by Koarnwertersân? Dat is de haadfraach dêr't advysburo's Waardenburg en Altenburg & Wymenga grutskalich ûndersyk nei dwaan sille. By it wynpark is in natuereilân oanlein, dat in oanloklik gebiet wurde moat foar ferskate bisten om fretten te finen of út te rêsten.

Foto: Windpark Fryslân

It grutskalige ûndersyk is bedoeld om de effekten fan it wynpark op fûgels en flearmûzen yn byld te bringen. Ek sille de ûndersikers de ûntwikkeling fan de natuer op it eilân folgje. It ûndersyk rjochtet him benammen op bisten wêrfoar't de Iselmar as Natura 2000-gebiet oanwiisd is, lykas de hjerringslynder en de swarte stirns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)