Dirigint Klaas van der Woude hâldt op by De Bazuin Oentsjerk

25 jan 2021 - 11:36

Dirigint Klaas van der Woude hâldt op by De Bazuin út Oentsjerk. Mar leafst 35 jier stie Van der Woude foar de kampioensdifyzjeband, wêrmei't er yn 1995 foar it earst Nederlânsk kampioen waard.

Foto: Margriet Fotografie

Sûnt Van der Woude yn 1986 begong by De Bazuin klom it orkest yn rap tempo op oant it heechste amateurnivo yn Nederlân. Hjoed-de-dei komt de brassband út yn de saneamde 'konsertôfdieling'. De Bazuin wûn mar leafst seis kear de Nederlânske titel en wie ek op ynternasjonaal nivo suksesfol.

Troch de coronakrisis wurdt der sûnt oktober ferline jier al net mear repetearre yn Oentsjerk. De brassband hopet dit jier op passende wize ôfskied nimme te kinnen fan harren dirigint.

Klaas van der Woude

(Advertinsje)
(Advertinsje)